SOLDATEFERSKE

 

Stil- lit se mar sliepe.
Lit mannen mar dreame dat
se har lea inkeld brûke
foar omdjoeien, om te begearen.
Lit se harren lichems losmeitsje
fan uniformen en lit se frjemd
wêze fan driftdieden. Bring se
helms fioelen om te tôgjen
nei soldategrêven. Lit se
befrijd fan wapens dwale,
oant gjin striid mear fynber is.
Toe, lit se mar sliepe,
oan't se wanhopich fol leafde
weromkeare nei hûs.

 

Oersetting: Tsead Bruinja, www.tseadbruinja.nl

© Henk van Zuiden